Rykswettersteat slút sneldyk by De Lemmer fanwege wurk oan asfaltlaach

04 sep 2018 - 19:54

Fanwege wurksumheden is de A6 yn de rjochting fan Hearrenfean ôfsletten oan de súdkant fan De Lemmer. Yn de rjochting fan Hearrenfean is de dyk fanôf De Munt yn de Noardeastpolder hielendal ticht. De ôfsluting begjint om acht oere jûn, en duorret oant seis oere moarns. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei is de dyk op deselde tiid opnij ticht.

Rykswettersteat wol de saneamde deklaach ferfange. Giele buorden jouwe de omliedingsrûtes oan. Bestjoerders moatte rekken hâlde mei in kertier ekstra reistiid. De opritten by De Munt en by Bant binne ticht.

(advertinsje)