It Fryske Gea begjint crowdfundingsaksje foar greidefûgels

Natuerbeskermingsorganisaasje It Fryske Gea is in crowdfundingsaksje begûn om de delgong fan it tal greidefûgels yn Fryslân in halt ta te roppen. De feriening freget minsken om jild te jaan, sadat der grûn oankocht wurde kin om mear geskikte leefgebieten foar greidefûgels te kreëarjen.
Skries yn it boerlân © Omrop Fryslân
Henk de Vries fan It Fryske Gea
Neffens It Fryske Gea stiet de greidefûgelstân yn Fryslân op in histoarysk djiptepunt. It tal greidefûgels nimt al tsientallen jierren ôf, seit de organisaasje. Ien fan de oplossingen is it kreëarjen fan mear geskikte gebieten foar fûgels.

Oankeap fan grûn

''It Fryske Gea hat de ôfrûne jierren mei posityf resultaat grûn oankocht yn 'e Warkumerbinnenwaard en de Heanmar'', seit direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea. It tal briedpearen giet yn dizze natuergebieten omheech.''