Sherida Spitse kin Oranjefroulju net oan direkte WK-kwalifikaasje helpe

De Nederlânske fuotbalfroulju mei Sherida Spitse fan Snits binne direkte pleatsing foar it WK takom jier yn Frankryk misrûn. De Europeesk kampioen gie yn Oslo yn de lêste kwalifikaasjewedstriid ûnderút tsjin konkurrint Noarwegen: 2-1. De Oranjefroulju koene de betide efterstân fan 2-0 net mear rjochtsette. It iennige doelpunt foar Nederlân kaam fan Vivianne Miedema.
Sherida Spitse
© ANP
Troch de earste nederlaach fan Nederlân gie de einoerwinning yn 'e groepsfaze nei Noarwegen. Dy ploech pakte dêrmei streekrjochte kwalifikaasje foar it WK. De Nederlânske froulju moatte har troch it ferlies no fia de play-offs kwalifisearje foar it wrâldkampioenskip. In lykspul yn de wedstriid fan tiisdei hie genôch west foar direkte kwalifikaasje.
De Nederlânske froulju moatte foar de play-offs in heale finale en in finale spylje, twa kear út en twa kear thús. Ein dizze wike wurdt de lotting dêrfoar dien. De heale finale sil spile wurde yn oktober; de finale yn novimber.