Unike bylden: Mem Eva hellet har poppe sels út de búk

In bysûndere befalling fûn plak yn sikehûs de Tjongerskâns op 13 july lêstlyn. Mem, Eva Aarts, tilde har poppe sels út de búk nei in keizersneed. It wie in primeur foar it sikehûs. Yn Fryslân Hjoed binne foar it earst bylden te sjen fan de befalling.
It ferhaal achter de keizersneed yn Tjongerskâns
Heit, mem en gynekolooch Clasien van der Houwen sitte yn de studio. Se sjogge wêrom op in unike befalling. "Ze keek me meteen aan, recht in mijn ogen. Zo mooi. Het lijkt een klein verschil, maar het is een hele andere beleving", fertelt Aarts.

"Het hele team heeft meegenoten"

Sikehûs Tsjongerskâns wurket graach mei as it giet om winsken fan âlden mei in befalling. "Het hele team heeft meegenoten, het is prachtig om de ouders dit te kunnen geven", fertelt gynekolooch Clasien van der Houwen dy't de keizersneed útfierde.
Dizze wize fan it útfieren fan in keizersneed hat in soad omtinken ûnder de Fryske memmen. It sikehûs hat nei dizze keizersneed in protte reaksjes en fersiken krigen foar plande keizersneden. It wie net de earste kear yn Nederlân dat in keizersneed op dizze wize barde. Foarich jier waard it al yn oare sikehuzen yn it lân útfierd. Yn it bûtenlân wurdt de metoade ek faker brûkt.

"It spruts my fuort en daliks oan"

Neffens Eva Aarts is it hiel moai om mei te meitsjen. "Een keizersnede is vaak een medisch gebeuren", fertelt Aarts. Se hat al twa kear in keizersneed hân en soe no ek wer in keizersneed krije. Doe't se in fideo seach wêryn't in mem sels de poppe út har búk helje mocht en by har del lizze koe, spruts dit har fuortendaliks oan.
De operaasje ferrint oars om't de mem mei har hannen yn it sterile operaasjegebiet komt. Aarts krige in sterile jas oan en wanten. Mei meiwurkers fan it sikehûs wie der yn it foar in simulaasjetraining, sadat alles goed taret wie.