Undersyk: mear Fryskpraters en mear bedrigings foar de Fryske taal

Ynwenners fan Fryslân binne de ôfrûne trije jier better wurden yn de Fryske taal. Dat blykt út ûndersyk. Friezen ferstean, prate, lêze en skriuwe de eigen taal in pear persint better as yn 2015, wylst de bedrigingen foar it Frysk tanimme.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Der binne hieltyd mear minsken dy't fanút oare parten fan Nederlân nei Fryslân ferhúzje, en hieltyd mear bern groeie op yn in mingde taalhúshâlding. Saakkundigen tochten dat it Frysk dêr bot fan te lijen ha soe, mar dat blykt oars. It Frysk hat yn de thúsomjouwing wol in minder sterke rol, mar dat hat net laat ta in achterútgong fan de taalbehearsking, sizze de ûndersikers. Meartalichheid is gjin neidiel foar it Frysk.
De survey 'Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje' toant oan dat sûnt 1969 de behearsking bot ôfnaam is, mar sûnt 1984 bliuwt dy aardich konstant, útsein it Frysk skriuwen, dat tanaam is. Dat soe komme kinne trochdat Friezen harren taal net allinnich mear as sprektaal sjogge. It Frysk wurdt ek brûkt foar digitale kommunikaasjemiddels as SMS en WhatsApp.

Mear ûnderwiis yn it Frysk

De ûndersikers fan de Fryske Akademy dogge oanbefellings foar it ûnderwiis en de oerheid. Frysk skriuwen moat in fêst plak krije yn basisûnderwiis en heger ûnderwiis. In soad minsken ha yn it ûndersyk oanjûn dat se it spitich fine dat se allinne mar koarte, sprektaalachtige berjochtsjes skriuwe kinne. De provinsje wol dêrom mear ûnderwiis yn it Frysk.
Taalsosjologysk ûndersyk nei it Frysk
"It is wol posityf dat der in gruttere belangstelling is foar it Fryskskriuwen", seit deputearre Sietske Poepjes. It falt har op dat út it ûndersyk blykt dat de sosjale status fan it Frysk wichtich is. De taal moat net allinnich thús sprutsen wurde, mar ek yn in profesjonele omjouwing. "At jo Frysk prate wolle mei oerheidsynstânsjes, dan moatte jo je net hoege te ferbrekken", seit Poepjes.