Brânwacht net op 'e tiid yn Aldegea, mar komst nije kazerne noch ûnwis

04 sep 2018 - 17:30

Yn Aldegea (Smellingerlân) wurdt noch socht om in lytse fyftjin frijwilligers foar in nij op te setten brânwachtkazerne. Oant no ta ha 26 minsken har dêrfoar oanmeld. Ein oktober moat dúdlik wêze oft de plannen trochgean kinne.

De plannen foar in nije kazerne binne frij unyk foar Fryslân, seit wurdfierder Nick Kits fan Brânwacht Fryslân. Hast nea komt der in nije kazerne by. De reden dat dit yn Aldegea mooglik wol bart, hat te krijen mei de oanrydtiden yn it gebiet. De brânwacht hantearret dêrfoar de noarm fan 18 minuten. Yn Aldegea wurdt dy net altyd helle.

Ferline jier septimber baarnde yn Aldegea it hûs fan Sandra en Hein Kernkamp oant de grûn ta ôf. "Als er een brandweerkazerne was geweest in Aldegea, dan had het huis er waarschijnlijk nog gestaan", sei Sandra Kernkamp earder.

Se wist dat se yn in risikogebiet wenne, mar hie nea tocht dat dit barre soe. By de brânwacht is it al jierrenlang bekend dat Aldegea it minst te berikken wenplak is fan Fryslân. Earder makke Omrop Fryslân dêr al in reportaazje oer.

Der binne yn Fryslân mear gebieten dêr't de brânwacht net binnen 18 minuten wêze kin, mar dêr wenje net genôch minsken om in nije kazerne te bouwen. It getal fan 40 frijwilligers wurdt foarearst brûkt as minimumgrins foar it trochgean fan de plannen. Wat der barre soe as der bygelyks 37 oanmeldingen komme, is net dúdlik, seit Kits.

(advertinsje)
(advertinsje)