Man mei mes bedriget winkelmeiwurkers nei bierstellerij

04 sep 2018 - 17:05

De plysje hat yn Ljouwert in man oanholden dy't mei in mes trije meiwurkers fan in winkel bedrige hat. It giet om in 36-jierrige Ljouwerter dy't blikjes bier stellen hie. Dat meldt de plysje.

De meiwurkers fan de winkel op it Johannes Kolfplein hienen de man yn de gaten en sprutsen him oan. Dêrnei waarden se bedrige. De man naaide út. In heale kilometer fierderop koe de plysje him oanhâlde.

De man hie it mes fuortsmiten. Plysjes ha it werom fûn. De fertochte is foar fierder ûndersyk ynsletten. De plysjes sizze dat se wurdearring ha foar it hanneljen fan de belutsen winkelmeiwurkers.

Trefwurden: 
plysje winkel bedriging
(advertinsje)
(advertinsje)