Henk Deinum hâldt nei 10 jier op as wethâlder fan Ljouwert

04 sep 2018 - 14:58

Henk Deinum hâldt oan de ein fan it jier op as wethâlder fan de gemeente Ljouwert. Dat hat de gemeente bekend makke. Deinum hat hast tsien jier wethâlder fan de Fryske haadstêd west.

Henk Deinum - Foto: Gemeente Leeuwarden

"We ha in prachtige simmer hân, mei in protte hichtepunten, yn Ljouwert, yn it wurk, en ek yn de persoanlike sfear," seit Deinum yn in earste ferklearring.

Henk Deinum oer syn beslút

De frou fan Deinum, Jannewietske de Vries, wurdt mei yngong fan 27 septimber boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

"Dat is geweldich. Ik wol har fansels alle romte jaan om it sa goed mooglik te dwaan. As we tagelyk yn twa ferskillende gemeenten wurkje, kin it byld ûntstean dat we mekoar earmelyts meitsje as de belangen fan ús gemeentes net parallel rinne. Dat wol ik altyd foarkomme. Ik bin dan ek ta de konklúzje kaam dat it tiid is om it wethâlderskip earder del te lizzen, en it wurk oer te dragen."

"Dit is tige korrekt"

De wethâlder hat it beslút naam nei oerlis mei de kommissaris fan de Kening, Arno Brok. Dy advisearret de minister oer boargemastersbeneamingen en hâldt tafersjoch op de bestjoerlike ienheid yn Fryslân. "Ik ha grut respekt foar de kar dy't Deinum makket om syn frou alle romte te jaan foar in goeie start as boargemaster", seit Brok. "Dit is tige korrekt."

Deinum giet om âld en nij hinne fuort. "Dat jout my de tiid om mei myn kollega's de ûnderwerpen yn myn portefúlje, sa as de gebietsûntwikkeling WTC/Cambuur, noch in stap fierder te bringen. Dêrnei nim ik ôfskied.

"Jannewietske en ik kieze foar maksimale helderheid troch dit no oan te kundigjen. We tinke dat it passend is yn dizze tiid, dêr't in iepen en transparant publyk bestjoer fan grut belang is."

Ferrassing

Foar boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert kaam it beslút as in ferrassing, al begrypt er it wol. "Henk Deinum heeft als wethouder tien jaar lang een grote bijdrage geleverd aan de ontwikkeling van de gemeente en regio. We vinden het heel jammer dat hij afscheid neemt, maar hebben veel waardering en respect voor de wijze waarop hij tot zijn besluit is gekomen."

(advertinsje)