Taalpaviljoen MeM stiet te keap

Talepaviljoen MeM yn de Prinsetún yn Ljouwert stiet te keap. It opmerklike objekt is moandei op Marktplaats set, en kin foar in 'nader overeen te komen' priis kocht wurde. It gebou wurdt op dit stuit brûkt foar allerhande aktiveiten. Sa wurdt alle sneonen it Omrop Fryslân programma Op en Ut live hjirwei útstjoerd.
© Omrop Fryslân
MeM is spesjaal foar LF2018 yn de Ljouwerter Prinsetún delset. It opmerklike gebou is goed 15 meter heech, en hat sitplak foar 65 minsken. Neffens de advertinsje kin it ynterieur eventueel oernaam wurde troch de nije eigener. Dizze persoan moat wol fan knutseljen hâlde, want it gebou giet útinoar yn 20 parten fan 11 by 2.40 meter. Neffens de ferkeapjende partij binne de panielen lykwols maklik mei in kraan te montearjen.
MeM wurdt yn novimber ôfbrutsen.