Kampearwinkel Vrijbuiter definityf ticht

Kampearhal Vrijbuiter yn Roden moat definityf de doarren slute. De winkel makket, yn tsjinstelling ta de filialen yn Zaandam en Gouda, gjin trochstart. Dat skriuwe RTV Drenthe en RTV Noord. De twa kampearwinkels yn de Rânestêd binne oernaam troch Vervat, in spesjalist op it mêd fan kampearje en frije tiid. Dat befêstiget kurator Matthijs Sturms tsjinoer de Drintske omrop. Troch it fallisemint steane daliks 120 meiwurkers op strjitte.
© Frits Emmelkamp, RTV Drenthe
Ein augustus waard al bekend dat der noch mar ien oernamekandidaat oerbleaun wie fan de tweintich ynteressearre partijen. In protte oernamekandidaten wiene eins allinnich mar ynteressearre yn de oername fan De Waard, it tintemerk fan Vrijbuiter. Dat is no oernaam troch de Sunshine Groep út Doetinchem.