'Eigen' doarpswinkel fan Aldegea draait better as fan tefoaren tocht

04 sep 2018 - 12:00

De doarpswinkel dy't troch ynwenners fan Aldegea yn de gemeente Súdwest-Fryslân opset is, draait goed. De omset is nei it earste healjier folle heger as yn 't foar tocht waard. Neffens Doarpsbelang Aldegea komt dat troch de waarme simmer. Dêrtroch wiene der folle mear toeristen yn it doarp as oars.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De doarpsbewenners setten de winkel yn maart op neidat de lêste supermerk yn it doarp tichtgie. It slagge net om in nije eksploitant te finen en dus pakte Doarpsbelang it sels op. Der wurkje no tolve minsken parttime yn de winkel en it is alle dagen in drokte fan komsa.

It doarpsbelang ferwachtet dat de omset omleech giet, no't de simmer foarby is. Mar troch de goede simmer moat dat eins gjin probleem wêze.

Doarpsbelang hopet dat minsken ek yn de winter dochs nei de doarpswinkel komme, om't se goede kwaliteit biede. Sa binne der benammen streekprodukten te finen yn de winkel. Troch de goede simmer is der neffens Doarpsbelang in buffer opboud, mar dochs is de stipe fan de klanten yn it doarp sels wol nedich om ek yn de takomst bestean bliuwe te kinnen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
Aldegea doarpswinkel
(advertinsje)
(advertinsje)