It Fryske Gea ferhuzet flearmûzen yn it Rysterbosk

Mei in ekolooch derby is tiisdeitemoarn begûn mei de sloop fan de Wildtskuorre; it houten kantoar fan It Fryske Gea yn it Rysterbosk. Gewoanwei sit dêr in koloanje fan sa'n hûndert lytse flearmûzen tusken de muorren. En dat wie wol wat in probleem want flearmûzen binne in wetlik beskerme soart.
It Fryske Gea ferhuzet flearmûzen yn it Rysterbosk
Mar dêr hawwe de flearmûzeflústeraars fan it Gea wat op fûn. Yn de skuorre neist it gebou is in dûbele muorre makke as nij ûnderkommen. Dêrnei is de beklaaiïng fan it kantoar fuorthelle sadat de flearmûzen stimulearre waarden om in oar plakje te finen. En dy opset is slagge want dêr sitte no flearmûzen. Ek yn it nije gebou komt romte foar flearmûzen, mar dan net mear tusken de muorren, want dat koene je betiden wol rûke.