Tsientallen bannen lek stutsen yn Damwâld

04 sep 2018 - 11:17

Tsientallen sporters yn Damwâld krigen moandei in ferfelende ferrassing doe't se nei it sporten weromkamen by har fyts. Fan 40 fytsen wiene de bannen lek stutsen. Nei alle gedachten is dit oan it begjin fan de jûn, tusken healwei seizen en sân oere, bard. Op dat stuit wiene krekt de jeugdteams oan it sporten.

Neffens de Broekster Boys giet it om in bewuste aksje, de bannen fan de fytsen binne mei grof geweld stikken makke. Sawol de bûten- as de binnenbân binne folslein fernield. It bestjoer fan Broekster Boys sil jûn yn petear om te sjen wat de ferfolchstappen wêze kinne.

Klaas Fokkinga fan de fuotbalklup

Minsken dy't wat sjoen of heard hawwe wurde frege om harren te melden.

(advertinsje)
(advertinsje)