Kollumnist Jellema wint Podcastpriis

04 sep 2018 - 10:23

Omrop Fryslân kollumnist Botte Jellema hat mei Paulien Cornelisse en Ype Driessen in Dutch Podcast Award wûn foar de bêste podcast yn de kategory media en sjoernalistyk. Jellema wurket mei oan de podcast De eeuw van de amateur, dat alle wiken del te heljen is.

De Dutch Podcast Awards waarden dit jier foar it earst útrikt, en binne in inisjatyf fan nijsstjoerder BNR. In Podcast is in radioprogramma of harkspul dat delhelle wurde kin, en beharke wurde kin op it momint dat it de harker it bêste útkomt. Yn totaal mochten alve Podcasts in priis mei nei hûs ta nimme. De priis foar de alderbêste podcast wie foar 'BOB' fan it audiokollektyf Schik en VPRO DORST. Hjiryn wurdt in ferhaal ferteld fan in 84-jierrige frou dy't nei de Twadde Wrâldoarloch fereale wie op in jonge, mar wilens de podcast wurdt it hieltyd minder dúdlik oft de jonge wol wier bestien hat.

De eeuw van de amateur

De podcast fan Jellema, De eeuw van de amateur, hat gjin spesifyk ûnderwerp, mar behannelet in grut skala oan tema's. De show wurdt njonken Jellema makke troch fotostripmakker Ype Driessen en skriuwster en kabaretier Paulien Cornelisse. Fêste ûnderdielen yn de podcast binne bygelyks de fragen dy't tsjinwurdich op de teepûdsjes stean, de krante fan trije moanne lyn (wat is der fan it nijs oerbleaun), en fragen dy't troch harkers ynstjoerd binne.

De podcast wurdt tenei ek faker opnommen en beskikber steld. Oars wie dat ien kear yn de trije as fjouwer wiken, mar dalik wurdt dat alle wiken.

Trefwurden: 
priis Botte Jellema podcast
(advertinsje)