Befeiligers stake op ferskate plakken yn Fryslân

04 sep 2018 - 08:23

Op ferskate plakken yn Fryslân lizze befeiligers tiisdei it wurk del. Yn it lân is der in 24 oersstaking mei as belangrykste eask mear lean. Wurkjouwers hâlde oant no ta fêst oan de nulline, hielendal neat derby dus. By de asylsikerssintra fan Sint-Anne, Snits en Balk en it UWV yn Ljouwert moatte se it dwaan sûnder befeiliging.

Ferline wike wie der in sukses doe't ûnder driging fan in staking de befeiligers op Skiphol in leansferheging fan 2,5 persint krigen hawwe. Yn Hoogeveen is tiisdei in aksjesintrum fan CNV Vakmensen.

Foto: ANP

Neffens it Centraal Orgaan Asielzoekers (COA) smyt de staking gjin problemen op. Der binne ôfspraken makke mei de befeiligingsbedriuwen. "Het stakende personeel is in de buurt van asielzoekerscentra en een deel is gewoon aan het werk. Waar gaten vallen, zal COA-personeel invallen", seit wurdfierder Jan Willem Anholt. "Bij calamiteiten kunnen we nog meer COA-mensen inzetten."

Roderik Mol fan it CNV

Trefwurden: 
staking lean befeiliging
(advertinsje)