Kollum: "Moard yn in machtich lânskip"

04 sep 2018 - 07:33

"It begûn mei fioelen dy't gâns spanning oprôpen. Dan eagen, dy't yn trije shots yn read, blau en pears in oare kant útseagen. Om it linkereach kaam in fizier. Dêrnei hâlde de man trije kear de hannen foar it gesicht en seachst him om 'e nocht fuortrinnen op in wiete, glêde dyk, midden yn de nacht.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Troch dat ikoanyske yntro fan Tatort waard ik as bern besmet mei it krimyfirus. Ik sil der doe wierskynlik net it measte fan begrepen ha, mar de spannende speurtocht nei de dieder fan in moard makke likegoed in krimyjunk fan my. Benammen Dútslân wie earst de leveransier fan kwalitative searjes, letter kamen dêr Ingelân, Amearika en, de ôfrûne jierren, Skandinavië by. Searjes mei in goed ferhaal en in geniet foar it each. Troch it súkses fan bygelyks Hinterland, Broadchurch, Shetland en Top of the Lake is ek dúdlik wurden dat sokke searjes in boost foar it toerisme wêze kinne.

Nij-Seelân hie dêr al net oer te kleien om't Lord of the Rings dêr foar in part opnommen is, dochs hat Top of the Lake dêr nochris in bêste slinger oan jûn. Broadchurch is filme wurden yn Dorset oan de kust, yn de plakken Clevedon en Bridport, en dy hawwe sûnt it tal toeristen flink tanimmen sjoen. Sa ha de Shetlân eilannen in protte te tankjen oan ynspekteur Jimmy Perez en Wales oan de aventoeren fan Tom Mathias en Mared Rhys. Dy lêste searje, Hinterland, wurdt twa kear opnommen: ien kear yn it Ingelsk en ien kear yn it Welsh.

Films en searjes mei in lokaal en regionaal karakter ha de takomst. Dat stelden Steven Spielberg en George Lucas okkerdeis. Se ha gelyk. It grutte publyk wol autentisiteit, dat wat se net kenne. Us buorlju oan de oare kant fan de grins ha dat aardich yn 't snotsje. De Ostfrieze krimys, nei de boeken fan Klaus-Peter Wolf oer kommissarin Ann-Kathrin Klaasen, wurde hartstikke goed besjoen, en betsjutte in protte foar de regio Eastfryslân en har eilannen.

Moard en in machtich lânskip blike in súksesformule. Dat liket mei oare wurden in antwurd te wêzen op de foarsetsjes dy't skriuwer Dan Brown fan 't wykein yn in ynterview joech. Dy wie nammentlik lyrysk oer Fryslân. Hy sei hoe ûnhuerich moai ús hoeke fan Nederlân is mei har rike kultuer, freonlike minsken, mei in eigen taal en in bysûndere passy foar de eigen skiednis dy'tst mar op in pear plakken yn de wrâld noch tsjinkomst. Behalve dat kaam ek it lânskip him oer 't mad. Hy liet útskine dat er miskien wol wat mei Fryslân dwaan wol yn ien fan syn nije boeken. Bêst genôch.

Dochs liket it my de baas om sels it inisjatyf te nimmen. Want wat de Eastfriezen kinne moat hjir ek mooglik wêze. It lânskip is der, goede ferhalen buorrelje altyd. Wat Wallander bygelyks foar Súd-Sweden en Ystad docht, kin in nij, fiksjoneel karakter foar Fryslân en har eilannen dwaan. It wichtichst by sa'n ûndernimmen is dat it net op syn 'janboerefluitjes' moat. De fasiliteiten moatte adekwaat wêze om in kwalitatyf goed en ynteressant produkt te meitsjen. As dat it gefal is sil Dan Brown der achter komme dat Friezen hielendal net sa aardich binne, dat dy freonlikens, de glimkes en de iepenens in hiele oare kant ha, in tsjustere, semy-wetteleaze ûnderwrâldskant..."

(advertinsje)