Finale foar fuotbalfroulju yn Noarwegen

04 sep 2018 - 06:38

De Nederlânske fuotbalfroulju begjinne tiisdeitemiddei yn Oslo om 17.00 oere mei in protte fertrouwen oan de finale fan it WK-kwalifikaasjetoernoai. Nederlân, de Europeesk kampioen, hat oan in lyk spul genôch yn de lêste pûlwedstriid tsjin konkurrint Noarwegen om as groepswinner nei it wrâldkampioenskip yn Frankryk te gean. Dat WK is yn de simmer fan 2019.

Sherida Spitse tsjin Slowakije yn it Abe Lenstra Stadion - Foto: www.orange-pictures.nl

Oranje wegeret op foarhân út te gean fan in lyk spul. "Er zit veel vertrouwen in het team. Daarom spelen we om te winnen'', sei middenfjildster Sherida Spitse.

Oranje begûn de WK-kwalifikaasje ôfrûne jier mei in swierbefochten oerwinning yn blessueretiid op Noarwegen (1-0). Nederlân hat dêrnei nea ferlern en stiet nei sân wedstriden op njoggentjin punten, mei in doelsaldo fan 21-0. Noarwegen hat achttjin punten en in doelsaldo fan 20-3. De nûmer twa fan de pûl giet nei de play-offs.

De Oranje Liuwinnen froulju kinne foar de twadde kear it WK helje. Yn 2015 yn Kanada helle Oranje de achtste finales.

Trefwurden: 
fuotbal froulju WK Oranje
(Advertinsje)
(Advertinsje)