Fryslân en Seelân wolle mei-inoar jongerein entûsjast meitsje foar polityk

De provinsje Fryslân wol tegearre mei Seelân in kampanje ûntwikkelje om jongerein fan 16 en 17 jier âld yntinsiver te belûken by it iepenbier bestjoer. De provinsjes wolle de jongeren útdaagje mei '#doemeecratie' Dat is ien fan de útkomsten fan in besite fan in delegaasje Siuwske bestjoerders oan Fryslân.
It strân fan Zoutelande yn Seelân © ANP
De beide provinsjes wolle ôfspraken meitsje oer ynnovaasje. Net allinnich yn it iepenbier bestjoer, mar ek yn de wenningmerk. Yn beide provinsjes is hieltyd mear fraach nei wenningen foar âlderein. En op it mêd fan klimaat wrakselje beide provinsjes mei wynmûnen en sinnepanielen dy't sa no en dan de rekreaasje en de wenningbou yn it paad stean.
Yn desimber komme bestjoerders fan Fryslân en Seelân opnij byinoar om konkrete ôfspraken te meitsjen oer dizze ûnderwerpen.