"Fryske campus moat ûnderdiel wurde fan 'universiteit fan it Noarden'"

03 sep 2018 - 22:20
Jouke de Vries - Foto: Omrop Fryslân

De Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins moat ûnderdiel wurde fan in saneamde 'universiteit fan it Noarden'. Dat seit dekaan Jouke de Vries fan de Campus Fryslân by de iepening fan it akademysk jier.

De Vries hat praat mei minsken fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert om dat mooglik te meitsjen. Hy wol ek prate mei minsken fan de Hanzehegeskoale yn Grins. De Vries sei dat by de iepening fan it akademysk jier yn Grins.

It University College fan Campus Fryslân hat dit jier 27 studinten. De Vries hopet dat dat gau mear wurde sille.

Jouke de Vries, dekaan Campus Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)