Mear belangstelling foar twadde Fryslândei yn Brussel

Meer belangstelling voor tweede Fryslândag in Brussel
Yn Brussel wurdt tiisdei foar de twadde kear in Fryslândei hâlden. Dat bart yn de foarm fan in konferinsje oer regionale identiteit en meartaligens yn de Solvay-biblioteek, flak achter it Europeesk Parlemint.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
FNP-steatelid Sybren Posthumus is ien fan de inisjatyfnimmers fan de Fryslândei. Neffens syn ynformaasje is de belangstelling foar de twadde Fryslândei mei sa'n hûndert oanmeldingen twa kear sa grut as ferline jier op de earste edysje. Wat dêrby opfalt, is dat der ek folle mear oanmeldingen binne fan Europarlemintariërs.

Fierder groeie

Posthumus soe graach sjen dat it evenemint yn 'e takomst noch wat fierder groeit mei njonken in konferinsje ek presintaasjes fan Fryske sporten en Frysk iten en drinken bûtendoar, sadat it evenemint nijsgjirriger wurdt foar in grutter publyk.

Dichter Eeltsje Hettinga

Op de twadde Fryslândei wurdt tiisdei sprutsen troch ûnder oare kommissaris fan de Kening Arno Brok, troch steatssekretaris Ingbert Liebing fan Sleeswyk-Holstein en de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema. Deputearre Sietske Poepjes en dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga sille it formele part fan de byienkomst ôfslute. Oanslutend is der in netwurk-resepsje. Dat ûnderdiel wurdt yn Brussel gauris like nijsgjirrich fûn as it formele part fanwege alle kontakten dy't de oanwêzigen dêr opdwaan kinne.
Sybren Posthumus oer de twadde Fryslândei yn Brussel