Ferwenpakket foar famylje dy't swier hendikept bern fersoarget

03 sep 2018 - 21:26

De famylje Jorwerda fan Snits hat moandei út hannen fan de bekende reedrider Patrick Roest in ferwenpakket krigen. Roest oerlange it pakket út namme fan de stichting HandicapNL foar de soarch dy't heit en mem Eddie en Petra al santjin jier jouwe oan harren swier hendikepte dochter Lotte dy't berne is mei it Cornelia de Lange-syndroom.

F.l.n.r. Patrick Roest, Botsy (suster fan Petra),de suskes Ilonka en Lotte, mem Petra, heit Eddie - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Heit en mem Jorwerda

Lotte kin as gefolch fan de sykte hast neat sels dwaan. Se hat it ferstân fan in jong famke, kin hast net prate en moat eins mei alles holpen wurde.

Heit en mem Jorwerda jouwe oan dat se de soarch foar harren dochter mei leafde op harren nimme, mar dat it harren bytiden wol tige swier falt. Se binne wiis mei it pakket dat se sjogge as in teken fan wurdearring foar alle minsken dy't soarch jaan moatte lykas sy.

Patrick Roest seit dat er graach oan de aksje meidocht, omdat er grutte wurdearring hat foar de swiere taak dy't de Jorwerda's alle dagen wer hawwe.

Patrick Roest en Sandra Stienstra

De stichting HandicapNL jout de kommende wiken sa'n 750 ferwenpakketten wei oan minsken dy't dat fertsjinje. Dêr wurkje in soad bekende Nederlanners oan de kampanje mei. Neffens kampanjemanager Sandra Stienstra komme in soad minsken, dy't sa'n swiere taak ha as de húshâlding Jorwerda, yn in burn-out telâne. It ferwenpakket is bedoeld om sjen te litten dat der oandacht bestiet foar minsken dy't dit sokke soarch jouwe. Stienstra seit dat dit soarte soarch fergelykber is mei topsport.

(advertinsje)