Ungelok by meanwurk op Wâldwei, oanriding mei 'botsabsorber'

03 sep 2018 - 20:52

Op de Wâldwei by Ljouwert is moandeitejûn in auto yn botsing kaam mei wurkferkear. Der waard meand en dêrom ried der in frachtauto mei dêrachter in oanhinger mei in grutte pylk derop. Dat is nedich om ferkear derop te attindearjen dat se derom hinne moatte. De persoane-auto botste op de saneamde 'botsabsorber'.

Foto: Kappers Media

De bânwacht en de ambulânse binne útriden foar it ûngelok. Oft der ek ferwûnen binne, is noch net bekend. In berger moast deroan te pas komme om de auto fuort te slepen. De plysje ûndersiket de saak. De wei hat ôfsluten west oant sawat kertier foar njoggenen.

Trefwurden: 
Wâldwei botsing
(advertinsje)
(advertinsje)