Pieter Weening nei WK yn Innsbruck

03 sep 2018 - 19:17

Pieter Weening fan De Harkema is selektearre foar it WK hurdfytsen, dat ein septimer yn it Eastenrykske Innsbruck ferriden wurdt.

Foto: www.orange-pictures.nl

Dat lit de Koninklijke Nederlandsche Wielren Unie (KNWU) witte. It is foar de 37-jierrige Harkyt de sechsde kear dat er yn aksje komt op in WK. De lêste kear wie yn 2014 yn it Spaanske Ponferrada. In jier earder behelle er yn Florence syn bêste WK-resultaat, want doe waard er 25e.

De twa kopmannen fan de Nederlânske ploech binne dit jier Tom Dumoulin en Bauke Mollema. Njonken dy twa en Weening, sitte ek Wout Poels, Wilco Kelderman, Sam Oomen, Steven Kruijswijk en Antwan Tolhoek by de seleksje.

Trefwurden: 
WK hurdfytsen Pieter Weening
(Advertinsje)
(Advertinsje)