FIDEO: Sportoersjoch mei Frysk fierljepsukses en it keatsen in Penjum

03 sep 2018 - 17:36

De fakânsje is foarby en dus ha we fan moandei ôf ek wer alle wiken in sportoersjoch. Diskear skoot sportferslachjouwer Andor Faber oan yn Fryslân Hjoed.

De Hollanners dominearje dit seizoen it fierljeppen. Sy wienen dit wykein yn Burgum dus ek de favoriten op it Nederlânsk kampioenskip. Dochs dienen de Friezen it goed op it NK, dêr't ek nochris in heech nivo helle waard.

Nyck de Vries hie in minder wykein. Ferline wike wûn er noch twa kear op Spa-Francorchamps, mar yn Monza wie it ien en al malheur.

Sam Lammers hat nei fjouwer kompetysjewedstriden syn langferwachte doelpunt foar SC Hearrenfean te pakken. Dat smiet yn Venlo ien punt op.

Harkemase Boys fergie it minder. De ploech fan Tieme Klompe wûn in wike lyn de earste kompetysjewedstriid noch, mar dat slagge sneon yn Heemskerk net.

En de keatsers spilen yn Penjum de lêste frije formaasjepartij fan it seizoen.

Trefwurden: 
Sportoersjoch
(advertinsje)
(advertinsje)