Steatsboskbehear Skylge slút natuergebieten fanwege agressive woekerplant

03 sep 2018 - 17:00

Steatsboskbehear slút op Skylge fuortendaliks in tal gebieten, omdat it woekerplantsje de wetterkrassula dêr fûn is. It giet om Groot Meisterplak en Waterplak, yn it dúngebiet tusken West oan See en Midslân oan See. Earder waard súdlik fan Midslân oan See ek al in gebiet ôfsletten, mar dat hat net genôch west.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Wetterkrassula is in plantsje dat fan nature net yn Nederlân foarkomt en oare planten bedriget, omdat er bot woekeret. De plant bedriget it wettersysteem op Skylge, no't er hieltiten mear terrein wint. Dat makket drastyske maatregels lykas it sluten fan natuergebieten foar it publyk needsaaklik, seit Steatsboskbehear.

Remi Hougee, Steatsboskbehear Skylge

Steatsboskbehear op Skylge is al in pear jier oan de gong om de plant ûnder kontrôle te krijen, mar dat slagget hieltyd mar net. Dat komt foaral omdat in pear millimeter fan de plant, meinaam oan in fûgelpoat of ûnder de skoech fan in kuierder, al soargje kin foar de fersprieding fan it plantsje. En dy fersprieding giet hiel rap.

De ôfsluting fan de natuergebieten is in earste maatregel om de fierdere fersprieding fan de wetterkrassula tsjin te gean. Steatsboskbehear krijt by de bestriding help fan de provinsje, Wetterskip Fryslân en de gemeente Skylge. De partijen krije advys en begelieding fan wetterkrassula-saakkundigen. De oanpak kostet hûndertûzenen euro's.

Deputearre Johannes Kramer

(advertinsje)