Grouster yn Ingelân oppakt mei 110 miljoen euro oan kokaïne

03 sep 2018 - 15:34

In 27-jierrige man út Grou is yn Ingelân oppakt mei kokaïnebesit dat in strjitwearde hat fan 110 miljoen euro. Mei fjouwer oaren waard de Grouster arrestearre. De fiif wurde derfan fertocht kokaïne it lân binnen te bringen.

De Grouster siet op de katamaran Nomad, dy't nei de Ingelske kust fear, doe't de grinskontrôle op it wetter de boat tsjinhold. Ienkear oan de fêste wâl waarden de fiif manlju oanholden. Dat barde yn it plakje Newlyn, yn it uterste súdeasten fan Ingelân.

Foto: National Crime Agency

De man út Grou moat, lykas in fertochte út Estlân en ien út Letlân, op 4 oktober foar de rjochtbank yn Bristol komme.

De operaasje kaam ta stân troch in gearwurking fan teams út ferskate lannen, nei ynformaasje fan in maritym sintrum yn Lissabon, dat it tsjingean fan drugshannel yn de EU koördinearret.

Redakteur Jitze de Vries oer de kokaïnekatamaran yn it radioprogramma Weistra op wei

Trefwurden: 
kokaïne drugshannel
(advertinsje)