Tanke op kosten fan de baas: wurkstraf

03 sep 2018 - 15:05

In man út Ljouwert hat in wurkstraf fan 40 oeren krigen, omdat er sân kear mei de tankpas fan syn baas tankt hat foar eigen gebrûk. De man fielde him op it wurk net serieus naam en dit wie syn wraak. Hy fernielde ek noch de auto fan syn baas.

Tanke - Foto: Shutterstock.com

Neffens de reklassearring hat de man in ferstanlike beheining en kin er net goed omgean mei problemen. Njonken dat er in taakstraf krige, moat de man fan de rjochter ek in kursus sosjale feardichheden dwaan. Hy komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring.

Trefwurden: 
wurkstraf rjochter tankpas
(advertinsje)