Nuon nije eigener fan sinnepark Dokkum

Enerzjybedriuw Nuon hat it sinneparkprojekt by Dokkum oernommen fan Powerfield. Njonken it fjild by Dokkum hat Nuon ek sinneparkprojekten oernommen yn Coevorden en Gasselternijveen.
© ANP
De enerzjygigant hat ferline jier in bedriuwsûnderdiel opset foar sinne-enerzjy en batterij-opslach, mei as bedoeling om yn ien generaasje folslein fossylfrij te wêzen. "Het uiteindelijke doel is om volgend jaar de eerste kilowatturen op het net te gaan leveren", fertelt direkteur Jean-Louis Bertholet.

Grutte risiko's mei belizzersjild

Powerfield wie earder dit jier yn it nijs troch omstriden grûntransaksjes. Neffens ûndersyk fan de NRC nimt Powerfield grutte risiko's mei jild fan belizzers. Der wurdt grûn oankocht foar sinneparken yn it noarden. Dy grûn wurdt dêrnei foar in folle heger bedrach trochferkocht oan in bedriuwsûnderdiel fan Powerfield. En dat jild komt fan belizzers, seit NRC. Powerfield ûntkent dat allegear.