Studinten NHL Stenden ferdield oer ferleegjen noarm stúdzjepunten

03 sep 2018 - 13:55

Hegeskoallen meie meikoarten net mear fan har earstejiersstudinten easkje dat se yn dat earste jier 50 stúdzjepunten of mear helje. Dat seit minister Van Engelshoven fan Underwiis. De minister wol yn in nije wet dy noarm ferleegje nei 40 stúdzjepunten, fan de 60 dy't je maksimaal helje kinne. De minister wol sa foarkomme dat al yn it earste stúdzjejier studinten ûnnedich stroffelje en mei de stúdzje ophâlde moatte.

Dêrmei wol Van Engelshoven de druk op de earstejiersstudinten wat ferleegje. Dy moatte har breed ûntwikkelje, sa fynt de minister, en net allinnich mar studearje.

Earstejiersstudinte bestjoerskunde Wilma de Jong is bliid mei it plan fan de minister. "It is no sa dat by guon stúdzjes de helte fan de studinten al yn it earste jier ôffalt. Dat fyn ik sûnde. As de noarm wat soepeler is, sille mear studinten trochgean mei de stúdzje. Dêr bin ik fan oertsjûge."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Studinten fan NHL Stenden oer it mooglik ferleegjen fan de stúdzjenoarm

By NHL Stenden binne lykwols ek in soad studinten te finen dy't it ferleegjen fan de noarm net nedich fine. "Vijftig punten is goed te doen", seit bestjoerskundestudint Roland. "Als een studie niet bij je past, kun je er beter mee ophouden. Ik ben er ook niet voor dat het niveau van de studie omlaaggaat."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen út Ljouwert lit yn in earste reaksje witte dat it foarstel fan de minister him 'net oertsjûget'. Dat studinten in soad druk fiele, hat neffens Van der Molen neat te krijen mei it 'bindend studieadvies', wat ynhâldt dat studinten in minimum tal stúdzjepunten helje moat. En de kâns dat dit plan it hellet, is neffens Van der Molen ek net grut: "De minister sil ek mei dit plan by de Twadde Keamer del moatte. It CDA is hjir net foar. De VVD en de PVV ek net. As der dan noch ien oare partij tsjin is, dan kin dit plan wer nei de prullebak."

Harry van der Molen oer it plan fan de minister

De feriening fan hegeskoallen seit dat se bot fernuvere binne troch de oankundige maatregel fan de minister. Foarsitter Thom de Graaf neamt it yn in offisjele ferklearring 'een unicum' dat de minister sa'n maatregel oankundiget, sûnder dêr earst mei de hegeskoallen oer te oerlizzen. De hegeskoallen wolle dêrom sa gau mooglik mei de minister om de tafel.

(advertinsje)