"Gemeente moat helpe mei oanfraach sportsubsydzjes"

De gemeente soe sportklups stypje moatte by it oanfreegjen fan subsydzjes. Dat fynt it CDA yn de gemeente Dongeradiel. Neffens de partij hawwe frijwilligers it tsjintwurdich sa drok, dat it oanfreegjen fan subsydzjes wolris tefolle wêze kinne soe.
© Buurtsportcoaches Dongeradiel
De direkte oanlieding foar it foarstel fan it CDA is de nije subsydzje fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport. Yn dy regeling is mar leafst 87 miljoen euro beskikber. Dêrmei soene amateursportklups bot holpen wurde. Sa soene bygelyks gebouwen en fjilden opknapt wurde kinne. Foar dy subsydzjepot jildt op is op, dus neffens it CDA moatte de ferieningen der gau by wêze.
Yn de nij te foarmjen gemeente (Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân) binne dalik 13.000 minsken lid fan in sportferiening. De nije subsydzje soe dêryn in wichtige bydrage leverje kinne.