Fuotbalfroulju NOK yn aksje foar bettere klaaikeamers

03 sep 2018 - 12:19

De populariteit fan it frouljusfuotbal is yn de lêste jierren sa bot tanaam, dat de fasiliteiten foar de spylsters te krap wurden binne. Sportferiening NOK út Aldemardum wol dêrom no mei in crowdfundingaksje jild ophelje om twa nije klaaikeamers foar har spylsters te bouwen. Om dat jild op te heljen is in spesjale promo en in ludike challenge betocht.

Martine Witteveen, spylster fan NOK oer de jarrertankdûs

Foto: SV NOK

Yn de promo binne de froulju fan it fuotbalteam op syk nei in klaaihok, mar wurde se troch de manlju hieltyd fuortstjoerd, om't de klaaikeamers al brûkt wurde. As "oplossing" komt dêrnei in jarretank, dy't wetter oer de froulju hinne spuitet, as wie it in dûs. Net ideaal fansels, en dêrom wol de klup ynvestearje yn it frouljusfuotbal, en dus yn klaaikeamers.

Dit is de promo dy't de froulju makke hawwe.

De sportferiening organisearret no in grutte lotterij mei in totale wearde fan mear as 25.000 euro. De hoop is dat dy lotterij genôch jild opsmite sil om de klaaikeamers te bouwen. De 1500 lotten binne net goedkeap: minsken moatte 50 euro it stik foar de lotten betelje.

(advertinsje)