Ofskiedsgroet mei F-16's foar útfeart op Flylân

03 sep 2018 - 11:57

Fjouwer F-16's fan de fleanbasis Ljouwert bringe moandei boppe Flylân in lêste groet oan âld-loftmachter Geert Veenstra. Hy wurke oant 2002 op de toer fan it oefenterrein Vliehors op it eilân. Koartlyn is hy op 77-jierrige leeftiid ferstoarn. In soad piloaten kenden Veenstra. Hy wie in markant figuer yn de toer fan de Vliehors. De F-16 piloaten hawwe harren oefenprogramma sa oanpast dat se de flyby dwaan kinne boppe it hôf op Flylân. Dy is om healwei twaen hinne.

(advertinsje)