ECOstyle tredde by Liegebeest Trofee fan Wakker Dier

03 sep 2018 - 11:25

It Easterwâlder bedriuw ECOstyle, dat foarige wike nominearre waard foar de Liegebeest Trofee fan bistebeskermings-organisaasje Wakker Dier, is tredde wurden. Minsken koene stimme op trije selektearre bedriuwen, dy't neffens Wakker Dier misliedende teksten op de ferpakking fan harren produkten sette. Wakker Dier fynt dat ECOstyle de yndruk jout dat it bedriuw in ekologysk karmerk hat, wylst dat net sa is.

De helte fan alle stimmen gie nei de Rabobank. Yn harren tv-kampanje komme se mei de slogan 'Growing a better world together'. Neffens Wakker Dier docht Rabobank it foarkommen as wolle se de fiedingssektor ferduorsumje, mar ynvestearje se just yn megastâlen en fastfoodketens. Twadde waard FrieslandCampina foar teksten op molkpakken oer de tastân fan kij. ECOstyle waard dus tredde. It bedriuw liet foarige wike op Omrop Fryslân al witte it net iens te wêzen mei de nominaasje.

(advertinsje)