Waadeilannen draaie topsimmer, mar dreech om genôch personiel te finen

03 sep 2018 - 08:13

De Waadeilannen hawwe dit seizoen in grutte groei yn it tal toeristen. Sa notearre It Amelân 7 prosint mear besikers as it jier dêrfoar. Neffens Cinto Prosperi, direkteur fan VVV Ameland, hat der sûnt 2003 net mear sa'n groei west. It waarme foarjier en de hite simmer binne de foarnaamste oarsaak.

De fearboat en wettertaksy nei It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Al jierren nimt it tal besikers, dat foar in langere perioade op it eilân ferbliuwt, mei ien prosint ta. Dat binne de saneamde ferbliuwgasten. De groei fan de oare seis prosint is te tankjen oan de deigasten. "Dit zijn de bezoekers die spontaan besluiten naar het eiland te komen als ze zien dat het mooi weer is. Omdat het lang mooi weer bleef, durfden mensen ook ruim van te voren een dagje te plannen om naar de Wadden te gaan", seit Prosperi.

Toeristeseizoen ferlinge

It heechseizoen op de eilannen duorret fan 20 juny oant en mei 20 septimber. It doel is om de besetting hieltyd mear oer it jier te sprieden en net allinnich te skoaren yn de simmer. "In Amsterdam zijn er jaarlijks zestig toeristen per inwoner. Op Ameland tellen wij 170 toeristen per inwoner." De toeristen ferdwine altyd samar op it eilân, dochs sit der wol in kearside oan de drokte. "Het is voor ondernemers lastig om kwalitatief goed personeel te werven. Het nadeel is dat je natuurlijk nooit weken van te voren weet wanneer het mooi weer wordt, dus is het ook lastig om je personeelsbezetting daar op in te plannen."

Grins oan de groei

"Je hoort de Amelanders niet klagen over de drukte, maar die personeelsbezetting is wel een serieus aandachtspunt. Je zou het niet snel verwachten in het Westen, maar er zit toch wel een grens aan de groei. Ameland, en ook de andere Waddeneilanden, zetten al een aantal jaren in op slow toerism. Dat houdt in dat we de groei van dagjesmensen op 1 procent willen houden, en bezig zijn om toeristen te trekken die voor een langere periode blijven. Op die wijze kun je ook inzetten op het werven van kwalitatief goed personeel dat op Ameland blijft."

Cinto Prosperi fan VVV It Amelân

(advertinsje)