Kollum: "Plat foar it gat"

03 sep 2018 - 07:24

"Moarn is der yn Fryslân Hjoed in unike reportaazje te sjen oer in bysûndere keizersneed. By dizze befalling tilt de mem sels har poppe út de búk. Ik ha mei ferbjustering nei de foto sjoen op de webside. Dat soks tsjintwurdich allegear mooglik is. Net te leauwen. En dat der oeral in kamera by is. Ek net te leauwen.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

It is noch net sa lang lyn dat ik foar in 'babyshower' in foto opsykje moast fan mysels as lytse poppe. It fotoboek waard fan souder helle en it stof der ôfblaasd. Under it yntusken fergiele plakplestik fan it fotoboek seach ik mysels. In lyts ferfrommele minskje, krekt berne, mei it bloed noch op 'e holle lei ik by ús mem op it boarst. Hiel earlik, it hie elke poppe wêze kinnen, want ik like yn de fierste fierte noch net op mysels. Sterker noch: ik hie swart hier op 'e holle. Ik werkende allinnich ús mem.


Al mei al binne der fiif foto's fan my makke doe't ik krekt berne wie. Dat fyn ik noch best folle, want myn suske hat der mar ientsje. No wiene ús heit en mem ek net sokke fanatike fotografen, mar yn dy tiid wie dat neffens my ek net sa gebrûklik.


Hoe oars is dat no. Njoggen moanne lang wurde der foto's makke fan in búk dy't alle wiken dikker wurdt. Fan de 20 wike-echo wurdt in filmke makke foar letter. En as it sa fier is, stiet heit klear mei de kamera om de berte te filmjen. Net fan in ôfstantsje. Nee, plat foar it gat.


Ik freegje my werklik ôf wa't foar nut soks hat. Wa wurdt no bliid fan dizze bylden? As mem soe ik net hiel graach sjen wolle hoe't ik dêr fan ûnder útskuor fan nâle oant kontgat. En as heit wurdst hjir ek net hiel bliid fan liket my. De poppe sels? Jakkes nee. As dy ien kear sa âld is dat er begrypt hoe't dat poppe krijen allegear wurket, is it alderlêste wat er sjen wol it bertekanaal fan syn mem. Moast der toch net oan tinke?


De fisite dan? Sjochst it al foar dy datst 'nietsvermoedend' by de buorfrou op poppeslok giest en wylst in hap nimst fan dyn beskútsje dat heit samar ynienen dit ûnsmaaklike taferiel libbensgrut op de 34-inch breedbyldtelefyzje ôfspilet? Ik soe fuort smoare yn myn blauwe mûskes. Of folle slimmer noch. Datst letter trouwen giest en dyn heit en mem in filmke meitsje fan dy fan froeger. En dat samar ynienen de hiele trouseal fol mei gasten nei de poes fan dyn mem sit te koekeloeren. Harrejakkes.


Lit ús earlik wêze; net ien sit op sokke bylden te wachtsjen. De berte fan in poppe is it meast magyske momint dat der bestiet. Mar dat hoechst net te filmjen of op de foto te setten. Dêr moast by wêze en fan ûnder de yndruk wêze op it momint dat it bart. Net troch achterôf de bylden werom te sjen. Ik bin bliid dat ús heit en mem mar fiif foto's makke hawwe. En godzijdank is der gjin fideo fan myn berte. Ik hear it ús heit al roppen oan de ein: 'En cut!"

De Toan fan Nynke van der Zee

(advertinsje)