Jeugdsoarch yn aksje yn Den Haag om besuniging werom te draaien

03 sep 2018 - 06:05

Sa'n 2500 minsken dy't yn de jeugdsoarch wurkje demonstrearje moandei yn Den Haag. Se fine dat it sa net langer kin yn de jeugdsoarch. In besuniging fan 450 miljoen euro moat weromdraaid wurde. Dêr boppe-op is 300 miljoen euro nedich foar ekstra fraach nei jeugdsoarch. Minsken yn de jeugdsoarch bale dat sy te min tiid hawwe om by de bern en it gesin te wêzen.

2015: Aksjefierders yn de soarch by in nasjonale demonstraasje yn Amsterdam - Foto: ANP

Sûnt fiif jier lyn is de helpferliening oan bern en gesinnen oergien fan de provinsjes nei de gemeenten. It komt foar dat bern fan it iene nei it oare gesin moatte en it is al sa yngripend om in bern út in gesin te pleatsen. As sy dan ek noch in pear kear earne oars hinne moatte, wurdt it noch slimmer.

Minder jild

It jild gie yn 2015 oer fan it Ryk nei de gemeenten. Dat wie in hiele feroaring en dat gie tagelyk mei in grutte besuniging. Dat der minder jild is, fernimme de minsken yn de jeugdsoarch alle dagen. Der wurde karren makke op basis fan jild en dat is lang net altyd ynhâldlik de goede kar, sizze se. Groepen moatte slute en der binne te min pleechgesinnen.

Ferantwurding

Ek binne de minsken yn de jeugdsoarch tefolle tiid kwyt oan it ferantwurdzjen fan wat se dogge, As der in klacht komt, moatte sy alles foarlizze kinne, lykas e-mails en telefoanpetearen. "Fansels moatte wy ús ferantwurdzje, dêr hawwe de gesinnen en bern ek rjocht op", seit Syta Talsma, teammanager Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. "Mar it is no safolle dat it derfoar soarget dat de oandacht foar it gesin minder is."

Tuchtrjocht

"Meiwurkers binne yn it nije tuchtrjocht persoanlik oanspraaklik as der wat bart en dat wurket ferlamjend", seit Talsma. "Minsken binne benauder om dingen net goed te dwaan en freegje harren hieltyd ôf: "Haw ik alles neffens it protokol dien? It is dreger om minsken te krijen."

"En wy hawwe just sa'n prachtich fak. As wy de romte krije, kinne we bern en gesinnen helpe yn drege tiden", seit se.

Easken

Der moat mear jild komme om it wurk goed dwaan te kinnen. Talsma: "Wy hawwe in belangrike maatskiplike taak, nim ús dan ek serieus."

Syta Talsma

Syta Talsma
Trefwurden: 
demonstraasje jeugdsoarch
(advertinsje)