Wethâlder Sjoerd Feitsma krijt earste edysje 'Wij van Snakkerburen'

02 sep 2018 - 20:45

Yn de Doarpstún yn Snakkerbuorren hat wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert sneintemiddei de earste edysje fan it boek 'Wij van Snakkerburen' yn ûntfangst nommen.

Yn it boek steane portretten fan sawat alle ynwenners fan it buorskip. It projekt is mei mooglik makke troch it Mienskipsfûns en tal fan frijwilligers.

(advertinsje)