Fischtown Pinguins earste winner Thialf Icehockey Cup

Fischtown Pinguins út Bremerhaven is sneintejûn winner wurden fan de earste Thialf Icehockey Cup op It Hearrenfean. Yn de finale waard Krefeld Pinguine ferslein: 3-6. Krefeld iepene noch wol de skoare, mar nei de earste perioade fan tweintich minuten wie de stân al 1-3 yn it foardiel fan Bremerhaven.
Sfear yn Thialf
Yn Thialf, dêr't de supporters foar in protte sfear soargen, waard yn de twadde perioade net skoard. Yn de tredde perioade kaam Krefeld sterk werom. Twa goals yn 35 tellen brochten lykwicht yn de wedstriid: 3-3. In lytse twa minuten letter makke Bremerhaven út in counter de 3-4. Dêrnei kamen de Fischtown Pinguins net mear serieus yn de problemen. In fiifde doelpunt nei tsien minuten yn de tredde en lêste perioade en in lêste goal in minút foar tiid betsjutte dat de wedstryd yn 3-6 einige.

Spilers fan de Flyers

Oan it toernoai, hâlden op sneon en snein, diene ek Düsseldorfer EG en in Nederlânsk team mei. Dat lêste team bestie út Nederlânske spilers fan Tilburg Trappers en UNIS Flyers fan It Hearrenfean. Fischtown Pinguins berikte sneon de finale troch mei 4-1 te winnen fan Düsseldorf. Team NL wie ticht by in stunt tsjin Krefeld. Nei 60 minuten wie de stân 2-2. De Dútsers wûnen lykwols nei penaltyshots.
De wedstriid om it tredde plak op sneintemiddei tusken Düsseldorfer EG en Team NL einige yn winst (4-0) foar Düsseldorf.
De winners (wyt) en ferliezers (blau) nei ôfrin fan de finale