Gosse van der Meer wint fjildriden yn Sina

02 sep 2018 - 19:45

Gosse van der Meer út Surhuzum hat yn Sina syn grutste oerwinning pakt as profesjoneel fjildrider. By de stêd Aohan kaam Van der Meer solo oer de streek yn de Qiansen Trophy.

Foto: Lotte Jacobs

It wie noch even spannend oft Van der Meer wol meidwaan koe oan de wedstriid yn Sina. Nei in reis fan 34 oeren siet Van der Meer yn syn hotel, flakby it plak fan de wedstriid. Mar op dat momint stienen syn fytsen noch op it fleanfjild yn Singapore. Uteinlik wienen de fytsen krekt op tiid yn Sina en in pear oeren letter hie Van der Meer syn oerwinning binnen.

Nicolas Samparisi út Italië waard twadde yn Aohan, de Amerikaan Anthony Clark tredde.

"In pear oeren nei de wedstriid realisearre ik it my pas", seit Van der Meer op Twitter oer syn oerwinning. It parkoers bestie út in soad klimmen. "Dat leit my it bêst! Dêrom ryd ik ek in soad yn Switserlân."

Gosse van der Meer oer syn aventoer yn Sina

Foto: Lotte Jacobs

De Qiansen Trophy is ien fan de earste wedstriden fan it seizoen op de fjildrydkalinder. It foar it earst dat Van der Meer in wedstriid wint yn de saneamde C1-klasse. Yn augustus wûn Van der Meer ek al in race yn Adelaide.

Nei Switserlân ta

Op 16 septimber rydt Van der Meer syn earste wedstriid fan it seizoen yn Europa. Dan stiet de cross yn it Switserske Baden op it programma.

(advertinsje)
(advertinsje)