Stedsomropper Snits foar de fjirde kear Nederlânsk kampioen

Foar de fjirde kear is Jan Sjoerd de Vries út Snits útroppen ta bêste stedsomropper fan Nederlân. Hy wûn de priis nei it stedsomropperskonkoers yn eigen stêd. Op it twadde plak einige Bertus Krabben fan Kampen en tredde waard stedsomropper Rein Mulder fan Hylpen. Oan it konkoers diene stedsomroppers út hiel Nederlân en België mei.
© Omrop Fryslan, Wytse Vellinga
De omroppers waarden beoardiele op harren stim, de ynhâld fan de boadskip en op presintaasje. Alle dielnimmers moasten twa kear it poadium op: ien kear om in boadskip te ferkundigjen dy't útkeazen wie troch de sjuery en ien kear mochten se harren eigen stêd ferdigenje.
Oan it konkoers yn Snits diene omroppers út hiel it lân mei, mar benammen Seelân en Fryslân wiene goed fertsjintwurdige.
"Boeren, burgers en buitenlui!"