Tuinenga slút lêste frijeformaasjepartij passend ôf

02 sep 2018 - 18:00

It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra hat har seizoen op passende wize ôfsletten: de PC-winners wûnen yn Wergea de lêste frijeformaasjepartij fan it jier. Yn de spannende finale wûnen Tuinenga-en-dy mei 5-5 en 6-4 fan Nienke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra.

Foto: Henk Hempenius

Op de earste list stie in werhelling fan de PC-finale: Tuinenga tsjin it trio Anne Monfils. De winner wie ek itselde: Tuinenga wie mei 5-2 en 6-2 te sterk. De oare finalist, Sijbrandij-en-dy, hoegde op de earste list mar ien earst ôf te stean oan Tineke Dijkstra.

Yn de heale finale wûn Tuinenga mei 5-2 en 6-2 fan Nynke Sinnema, dy't ynfoel foar Sietske Okkema. De susters Sijbrandij en Marrit Zeinstra hellen de finale troch mei 5-1 en 6-2 te winnen fan Elly Hofman.

Spannende finale

De finale wie spannend. Nei't Ilse Tuinenga de keats kearde op 2-1 en 6-4, naam har partoer even ôfstân, mar Sijbrandij-en-dy kamen goed werom. Nei trije earsten op rige kaam it partoer fan Sijbrandij sels op 4-3. Troch in boppeslach fan Sjanet Wijnia kaam it trio Tuinenga werom ta 4-4.

Op 4-4 en 6-6 sloech Nienke Sijbrandij op. De bal kaam werom, mar Nienke Sijbrandij koe sels de bal foar de keats keare en sa har partoer wer op foarsprong sette. Even letter hie in opslach fan Sijbrandij op 5-4 en 2-6 minder sukses: dy gie bûten en sa moast it alfde earst de beslissing bringe yn de lêste partij.

It lêste en wichtichste earst wie foar Ilse Tuinenga-en-dy. Oant 4-4 gie it lykop, mar nei in bal oer de boppe fan Manon Scheepstra stienen Sijbrandij-en-dy op 'e dea. Ilse Tuinenga makke sels dien wurk troch op 5-5 en 6-4 in sitbal te slaan.

Lytse preemje foar Hofman

De lytse preemje wie foar Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum. Dy wûnen de striid om it tredde plak yn in allyksa spannende wedstriid tsjin Sinnema-en-dy. Yn dy wedstriid wie it alles oan de hang.

Trefwurden: 
keatsen Ilse Tuinenga Wergea
(Advertinsje)
(Advertinsje)