Mariska Kramer wint Beareloop

06 nov 2011 - 13:35

Hurdrinner Erik Negerman hat snein de heale maraton fan de Beareloop op Skylge wûn. De âld-Bolserter wûn yn in tiid fan 1.10,35. Ferline jier wie hy ek al de winner fan de heale maraton. Erik Niemeijer waard twadde. Franke Smidstra út Ljouwert waard tredde. De atleet fan Lionitas rûn in tiid fan 1.12,15. By de froulju wûn Mariska Kramer fan Drachten. It wie al wer de njoggende kear dat Kramer de folsleine maraton wûn. Har tiid wie 2.54,08.

(advertinsje)