Brânwacht Balk wint nasjonale titel oerflakterêding

De brânwacht fan Balk hat sneon de nasjonale titel wûn foar rêding yn en om it wetter. Dat wurdt yn faktermen 'oppervlakteredding' neamd.
© twitter @BrandweerBALK
De lanlike finale wie yn Koudum. Oerflakterêding is in spesjalisme binnen de brânwacht en al hielendal belangryk foar brânwachtkorpsen mei in soad wetter yn de omjouwing. Foar Balk is dat it gefal.
De dielnimmende korpsen moasten in opdracht útfiere wêrby't in rûnfeartboat in ûngelok krige mei in flyboarder.