Enno Kingma wint yn Penjum lêste frije formaasjepartij

02 sep 2018 - 17:00

Enno Kingma, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra ha yn Penjum de lêste frije formaasjepartij fan it jier wûn. Yn de finale wie it partoer mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Marten Bergsma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. It is de fjirde seizoensoerwinning foar Kingma-en-dy.

It wie yn de finale al rap 3-0 foar de úteinlike winners. Se waarden dêrby holpen troch Sjoerd de Jong, dy't yn dy trije earsten fiif opslachmissers hie. Bergsma-en-dy pakten dêrnei twa fan de trije earsten, mar it ferskil waard nea lytser as twa earsten. Op 5-3 en 6-6 gie de opslach fan útblinker Bergsma bûten.

De reaksje fan Enno Kingma

Kening Enno Kingma - Foto: Henk Bootsma

Bykommend detail yn de finale wie dat de opslaggers takom seizoen fan partoer wikselje: Enno Kingma giet dan op 'en paad mei Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong, wylst Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar keatse mei Marten Bergsma.

Marten Bergsma en Pieter Jan Plat

Blessuere Hans Wassenaar

Kingma-en-dy hienen yn de heale finale al it partoer fan Gert-Anne van der Bos ferslein. Op 3-2 foar Kingma rekke syn maat Hans Wassenaar wol blessearre. Sa waard it 3-3, mar nettsjinsteande Wassenaars blessuere, pakten Kingma-en-dy dêrnei trije earsten op rige. Op 5-3 en 6-6 sloech Wassenaar sels in boppeslach.

It partoer fan Marten Bergsma hie yn de oare heale finale mei 5-3 en 6-0 wûn fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra.

Trefwurden: 
keatsen Enno Kingma Penjum
(advertinsje)