Meager wykein mei in protte maleur foar De Vries yn Monza

02 sep 2018 - 16:19

Dat it iene wykein it oare net is, ûnderfûn Nyck de Vries mar wer ris yn Monza. De Formule 2-koereur út Twellingea wûn ferline wike twa kear op it sirkwy fan Spa-Francorchamps, mar dit wykein kaam er nei in protte maleur mar ta twa meagere puntsjes.

Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

De maleur begûn al by de kwalifikaasje freed. Dêrom begûn er sneon yn de haadrace op it alfde plak. Problemen by de start soargen derfoar dat er yn de race weromsakke ta it lêste plak. Nei in ynhelrace einige er úteinlik as tsiende. Om't Antonio Fuoco diskwalifisearre waard, klom De Vries noch ien plak. Dat betsjutte twa punten foar it klassemint.

Lekke bân

Dat de maleur noch net foarby wie, die snein bliken. By de start kaam De Vries net fuort en dus moast er starte út de pitlane wei. Op 'e nij begûn er oan in ynhelrace, mar dêrby krige er in lekke bân troch in manoeuvre fan Roy Nissany. Uteinlik einige De Vries snein op it santjinde plak yn Italië.

Fiifde yn it klassemint

Nyck de Vries is yn it klassemint sakke nei it fiifde plak. Der steane noch twa racewykeinen op it programma yn de Formule 2: ein septimber yn Sotsji (Ruslân) en ein oktober yn Yas Marina (Feriene Arabyske Emiraten).

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)