Motorrider nei sikehûs nei oanriding yn Harns

By in oanriding tusken in auto en in motor op de Alde Ringmuorre yn Harns is de motorrider ferwûne rekke.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De auto kaam út in parkeargaraazje oan de Waddepromenade en soe de dyk opride, mar doe ried de motor tsjin de auto op.
De motorrider is mei ferwûnings troch de ambulânse oerbrocht nei it MCL.
In berger hellet de auto en de motor fuort.