Hynder yn it wetter bedarre by De Broek

02 sep 2018 - 14:07

De brânwacht fan De Jouwer hat sneintemiddei in hynder út it wetter helle by De Broek. It hynder wie troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter bedarre by de Bloksleat.

De brânwacht krige de melding om ien oere hinne. Mei in soad mankrêft en troch de wâl fuort te skowen, krige de brânwacht it hynder binnen in heal oere wer op it drûge.

Foto: Twitter, @Brandweer_Joure
(advertinsje)
(advertinsje)