Undersyksrapport oer bestjoerlik hanneljen Nordwin College is 'pynlik'

02 sep 2018 - 11:05

Pynlik. Sa neamt foarsitter Ilona Dulfer fan it kolleezje fan bestjoer fan it Nordwin College it ûndersyksrapport fan de ûnderwiisynspeksje oer de mbo-skoalle. It rapport oer it bestjoerlik hanneljen fan it opliedingssintrum wurdt moandei presintearre. Hjirmei hopet de skoalle dat der in ein komt oan in ûnrêstige tiid mei finansjeel tafersjoch, in bestjoerlike krisis en it ûntslach fan bestjoersfoarsitter Ton Stierhout.

Nordwin College - Foto: Omrop Fryslân

Finansjeel tafersjoch

Yn de simmer fan 2017 konstatearre de ynspeksje finansjele problemen by it Nordwin College. Neffens begruttingen soe de skoalle yn 2021 tsjin in tekoart oprinne fan 2,3 miljoen euro en yn 2022 sels 3,3 miljoen euro yn it read stean. De skoalle kaam dêrom ûnder finansjeel tafersjoch en bestjoersfoarsitter Ton Stierhout waard yn desimber 2017 op non-aktyf set. Stierhout soe neffens de Ljouwerter Krante in konflikt ha mei de ried fan tafersjoch, om't er oanjûn hie dat it Nordwin College net langer stelstannich bestean koe.

Werstelplan

Nei it fuortgean fan Stierhout waard Dulfer oannaam as bestjoersfoarsitter en waard in part fan de ried fan tafersjoch ferfongen. Dulfer: "Daarna hebben wij niet stilgezeten en maatregelen getroffen. Om te beginnen een herstelplan voor de financiële problemen. Eind dit jaar zit de school nog maar net in de rode cijfers, maar volgend jaar staan we alweer in de zwarte, positieve cijfers. "

Krimp

Ek hâldt de skoalle de krimp goed yn de gaten, want yn twa jier tiid is it tal studinten mei hast 10 prosint ôfnaam. Yn 2015 stie de teller noch op 3500 studinten, mar yn 2017 wiene dat der 3200. "Dat hoort ook bij deze tijd, maar ook daar moeten we op voorbereid zijn." Oan de fraach nei minsken yn de griene sektor leit it neffens Dulfer net: "Onze leerlingen zijn nog steeds ontzettend gewild en krijgen snel een baan na hun studie."

Fertrouwen

Dulfer seit dat it rapport fan de ûnderwiisynspeksje net betsjutte sil dat de skoalle ticht of gearwurkje moat. "Het rapport zegt wat over het bestuurlijk handelen in het verleden, maar niks over het onderwijs. Dat is goed." It Nordwin College jout oan dat de ried fan tafersjoch, it kolleezje fan bestjoer en alle oare belutsen partijen fertrouwen hawwe yn de ferbetteringen en de omslach dy't geande is.

De ûnderwiisynspeksje jout oan dat dy net ynhâldlik op it rapport yngiet.

It Nordwin College jout it saneamde 'griene ûnderwiis'. Der binne mbo-opliedingen yn de agraryske sektor te folgjen, mar ek fuortset ûnderwiis ûnder de namme vmbo-grien. De skoalle hat fjouwer fêstigingen, yn Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Bûtenpost.

(advertinsje)