Frou út Ljouwert mishannelet plysje-agint en krijt hoarekaferbod

02 sep 2018 - 08:24

In 29-jierrige frou út Ljouwert is sneontenacht oanhâlden foar mishanneling fan in plysje. Se soe in lokaal hoarekaferbod krije foar in kafee yn de Alde Doelesteech, mar wie it dêr net mei iens. De frou sloech doe samar ynienen mei har fûst tsjin de holle fan de plysje-agint.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Nei har oanhâlding hat de fertochte in lokaal hoarekaferbod fan twa jier krigen en in kollektive hoareka-ûntsizzing fan in jier.

(advertinsje)