Bestjoerder botst tsjin betonblok by Wânswert

Op de Goslingawei by Wânswert is in auto sneontemiddei swier skansearre nei in botsing.
© De Vries Media
De bestjoerder ferlear de macht oer it stjoer trochdat der in soad grint op de dyk lei. Se botste tsjin in betonblok, in beam en meardere stekken. Troch de klap skeat it betonblok in pear meters fuort. De auto sloech troch de klap oer de kop. De bestjoerder is neisjoen troch it ambulânsepersoniel, mar hoegde net mei nei it sikehûs.